Copy
Bericht niet goed weergegeven? Bekijk het hier,
    Fries Historisch en Letterkundig Centrum
 
PERSBERICHT | PARSEBERJOCHT 20-10-2016

>> Fries hierna >>

Samen onderduikers zichtbaar maken op FryskeHannen

Iedereen kan helpen om Friese geschiedenis toegankelijk te maken. Dat is het uitgangspunt van Tresoars nieuwe online platform FryskeHannen. Met de hulp van het publiek wil Tresoar meer Fries erfgoed duurzaam ontsluiten. Het eerste project op de website is ‘Onderduikers Online!’: het doorzoekbaar maken van de onderduikersadministratie van Leeuwarden, Joure-Sneek en Drachten.
 
Tijdens de Tweede Wereldoorlog vonden duizenden onderduikers een veilig heenkomen ergens in Friesland. Van een kleine 4000 van hen zijn registratiekaarten bewaard gebleven. Die vormen een unieke bron van informatie over waar de onderduikers in Fryslân hebben geleefd, waar zij vandaan kwamen en wie hun helpers waren.
 
Om al die onderduikgegevens doorzoekbaar te maken, wordt aan het publiek gevraagd om mee te helpen: overtypen dus! De data die Tresoar op deze manier verzamelt, wordt in 2017 aan de wereld beschikbaar gesteld via een themawebsite, via AlleFriezen.nl en wordt gebruikt in een documentairereeks. Tresoar werkt in dit project samen met het NIOD, Herinneringscentrum Kamp Westerbork en het Fries Verzetsmuseum.
 
FryskeHannen
Met het laagdrempelige, tweetalige platform FryskeHannen (www.fryskehannen.frl) wil Tresoar grote gedigitaliseerde collecties verrijken met gegevens. Dat kunnen de eigen archieven zijn of materiaal uit Redbot (Deltaplan Digitalisering), maar ook andere organisaties kunnen via FryskeHannen hun collecties ter bewerking voorleggen aan hun achterban. Tresoar profileert zich hiermee niet alleen als kennisinstituut en als knooppunt voor diverse communities, maar ook als voorloper in de erfgoedsector en als ‘hoeder’ van de Friese taal en cultuur.
 
In november volgt een tweede project op FryskeHannen: dan vraagt Tresoar hulp bij het invoeren van adresgegevens bij de 26.000 dia’s van het Friese Monumenten Inventarisatie Project (MIP). Om mee te helpen aan FryskeHannen is ervaring dus niet nodig, maar wel passie voor Friesland en het Friese verleden.
 
Alle informatie is te vinden op www.fryskehannen.frl. Vrijwilligers kunnen zich op die website registreren en meteen beginnen met invoeren.
 
------------------------------------------------Niet voor publicatie---------------------------------
 
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met:

Siem van der Woude of Otto Kuipers, projectbeheerder Onderduikers Online!
Inge Heslinga, projectmanager FryskeHannen
Tel. 058-7890789
info@fryskehannen.frl
http://www.fryskehannen.frl
http://www.tresoar.frl
 
 

Mei mekoar ûnderdûkers sichtber meitsje op FryskeHannen

Elkenien kin helpe om Fryske skiednis tagonklik te meitsjen. Dat is it útgongspunt fan Tresoars nije online platfoarm FryskeHannen. Mei de help fan it publyk wol Tresoar mear Frysk erfgoed duorsum ûntslute. It earste projekt op de website is ‘Underdûkers Online!’: it trochsykber meitsjen fan de ûnderdûkersadministraasje fan Ljouwert, De Jouwer-Snits en Drachten.
 
Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen earne yn Fryslân. Fan in lytse 4000 fan harren binne de registraasjekaarten bewarre bleaun. Dy foarmje in unike boarne fan ynformaasje oer wêr’t de ûnderdûkers yn Fryslân libbe hawwe, wêr’t se wei kamen en wa’t harren helpers wiene.
 
Om al dy ûnderdûkgegevens trochsykber te meitsjen, wurdt oan it publyk frege om mei te helpen: oertype dus! De data dy’t Tresoar op dizze manier sammelet, wurdt yn 2017 oan de wrâld beskikber steld fia in temawebsite, fia AlleFriezen.nl en wurdt brûkt yn in dokumintêre-rige. Tresoar wurket yn dit projekt gear mei it NIOD, Herinneringscentrum Kamp Westerbork en it Frysk Fersetsmuseum.
 
FryskeHannen
Mei it leechdrompelige, twatalige platfoarm FryskeHannen (http://www.fryskehannen.frl) wol Tresoar grutte digitalisearre kolleksjes ferrykje mei gegevens. Dat kinne de eigen argiven wêze of it materiaal út Redbot (Deltaplan Digitalisering), mar ek oare organisaasjes kinne fia FryskeHannen harren kolleksjes foar bewurking foarlizze oan harren efterban. Tresoar profilearret harsels dêrmei net allinnich as kennisynstitút en knooppunt foar ferskate mienskippen, mar ek as foarútrinner yn de erfgoedsektor en as ‘hoeder’ fan de Fryske taal en kultuer.
 
Yn novimber folget in twadde projekt op FryskeHannen: dan freget Tresoar help by it ynfieren fan adresgegevens by de 26.000 dia’s fan it Frysk Monuminten Ynventarisaasje Projekt (MIP). Om mei te helpen oan FryskeHannen is ûnderfining net nedich, mar wol passy foar Fryslân en it Fryske ferline.
 
Alle ynformaasje is te finen op http://www.fryskehannen.frl. Frijwilligers kinne harren op dy website registrearre en fuortdaliks begjinne mei ynfieren.
 
------------------------------------------------Net foar publikaasje---------------------------------
 
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:
 
Siem van der Woude of Otto Kuipers, projektbehearder Onderduikers Online!
Inge Heslinga, projektmanager FryskeHannen
Tel. 058-7890789
info@fryskehannen.frl
http://www.fryskehannen.frl
http://www.tresoar.frl

 

Meer informatie vindt u op de website van Tresoar en op de perspagina's van Tresoar.

Dit persbericht is verstuurd door:

Tresoar, Fries Historisch en Letterkundig Centrum
info@tresoar.nl | 058-7890789

Uw e-mailadres is door Tresoar opgenomen in een verzendlijst voor persberichten.

- Gegevens wijzigen
- Persberichten niet meer ontvangen